• De provinsjale organisaasje wurket út de ferskillende opjeften wei gear om it fanselssprekkend plak fan it Frysk te realisearjen. Bygelyks troch meartalige kommunikaasje, de sichtberens fan it Frysk op it mêd fan beliedsmêden as ynfrastruktuer, natuer, wetter, taal as beoardielingsfaktor by it Iepen Mienskipsfûns, ensfh.
  • Trochûntwikkeling fan digitale helpmiddels yn it Frysk en ynset op in folsleiner oanbod foar alle domeinen en leeftiden. Spearpunten binne spraaktechnology, it oersetten fan digitale tapassings yn de soarch en nije tapassings foar bern en jongerein.
  • Wy jouwe yn ‘e mande mei de gemeente Ljouwert útfiering oan UNESCO City of Literature, en stelle skriuwersbeurzen en oare regelings beskikber.
  • Wy stimulearje en fasilitearje (lês)projekten as Lês No.