• Wy geane troch mei de útfiering fan it projekt Taalplan Frysk 2030, yn ‘e mande mei dosinten, skoal(bestjoeren) en acht taal- en ûnderwiisynstellings, sadat yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurdt (profyl A).
  • Wy ûntwikkelje konsept-kearndoelen foar it fak Frysk as oanset foar in fernijd kurrikulum Fryske taal en kultuer yn it primêr en fuortset ûnderwiis. 
  • Sawol yn fundearjend ûnderwiis as ferfolchopliedings op middelber en heger nivo is mear omtinken foar it Frysk. Frysk moat in plak krije yn bygelyks beropsfoarmjende of boargerskipslessen. De learare-oplieding Frysk wurdt oantrekliker makke troch dy te ferbinen oan learare-opliedings yn oare leargebieten. It foech foar it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis moat yn ien kear te beheljen wêze.